Gratis verzenden vanaf 20,- (NL)
Bestellen zonder account aan te maken!

Mechtilde  Postma, Goaitsen van der Vliet,De 13 fan Obbe Sjutsje
  • Mechtilde  Postma, Goaitsen van der Vliet,De 13 fan Obbe Sjutsje
  • Mechtilde  Postma, Goaitsen van der Vliet,De 13 fan Obbe Sjutsje
Goaitsen van der Vliet Mechtilde Postma
De 13 fan Obbe Sjutsje
De singeliere histoarje fan de Postma's fan De Tempel yn 'e Sânfurdterryp
€ 29.95
  



 Thuisbezorgen

  • Bestel vandaag
  • Bij u in huis op woensdag
  • Gratis verzending


De singeliere histoarje fan de Postma?s fan ?e Tempel yn ?e Sânfurdterryp


It boek mei de titel  De 13 fan Obbe Sjutsje  giet oer wat de beide auteurs yn harren ynlieding ?gewoane minsken? neame. In neiere beskôging fan ?e ynhâld leart dat dy oantsjutting by lange nei de lading net dekt. It giet hjir om in goed útdjippe (sosjaal-histoaryske) skiednis fan in fenomeen, nammentlik psychiatryske problemen yn in boerehúshâlding, Roomsk-katolyk, op in frijwat ôfhandich plak op it plattelân fan Fryslân, te witten Sânfirderryp.


Om koart te wêzen: fan de grutte húshâlding ? trettjin bern ? waarden op syn minst seis fanwegen skizofreny yn in psychiatryske ynrjochting ûnderbrocht, in unyk mar tige tryst unikum. It boek beskriuwt dizze gefallen, binnen en bûten de troffen húshâlding. It sosjale aspekt, de impact derfan op gesinsleden, buorlju, kunde, doarpsbewenners en behannelers fan de pasjinten, en harren reaksjes dêrop, wurde beljochte. It boek kin sjoen wurde as in oant no folslein ûnderbeljocht bleaune skiednis oer it ?net goed? wêzen op it plattelân, sa ?t de auteurs it neame. It feit dat auteur Mechtilde Postma in dochter is fan de iennichste út de húshâlding dy ?t troude, ferklearret har belutsenens en it keazen perspektyf.


Dêrnjonken jout it boek in yntym byld fan it Fryske boerelibben tusken likernôch 1850 -1980. Hoewol ?t dêr wol meardere foarbylden fan te finen binne, is de kombinaasje mei it skizofreny-aspekt unyk. Om it ferhaal in beskate autentisiteit te jaan is derfoar keazen om it boek yn it Frysk ferskine te litten, wêrby ?t de lêzer mei it pleatslike, soms ôfwikende idioom as paadwizer troch dy skiednis fierd wurdt.


 



Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie :

Met illustraties
EAN: 9789071610769
De Oare Utjouwerij